Fol Fjoer, passy yn de Fryske sport - GrootHeerenveen

Fol Fjoer, passy yn de Fryske sport

0

FRYSLÂN – Omrop Fryslân komt dizze simmer mei it telefyzjeprogramma ‘Fol Fjoer’. Oer de fjouwer grutste Fryske simmersporten: it keatsen, it skûtsjesilen, it fierljeppen en it konkoers hippyk.

Yn alle ôfleveringen nimt in pasjonearre sportleafhawwer de sjogger mei yn de histoarje en de foarbeskôgingen fan de sport.

Nim no keatser Hans Wassenaar, dy’t it hiele jier hurd wurket foar dy earste woansdei fan augustus: de PC. Of de bruorren Sytze en Harmen, dy’t it skûtsjesilen yn harren bloed ha. Hoe komt it dat de leafde foar de Fryske sporten sa grut is? En wêrom soe elkenien in kear by it skûtsjesilen, de PC, it FK fierljeppen of it konkoers hippyk west hawwe moatte? Yn it Omrop Fryslân telefyzjeprogramma Fol Fjoer wurde de antwurden op dy fragen socht. Mear ynformaasje oer Fol Fjoer is te finen op Omropfryslan.nl/folfjoer.

Fol Fjoer:
Fan moandei 23 oant en mei tongersdei 26 july om 17.30 oere op telefyzje.

Reageren

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

X
X

Deel dit met een vriend