Pjutte-opfang ‘Lytse Matteus’ fan De Jouwer behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

Pjutte-opfang ‘Lytse Matteus’ fan De Jouwer behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

0

JOURE – It wie feest op ‘Lytse Matteus’, pjutte-opfang fan SKIK op ‘e Jouwer. De lokaasje wurket sûnt de maityd fan 2016 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen.

Liedsters Rianne en Marijke hawwe it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oerlange krigen fan Sjoeke Kampen, dy’t har by dit trajekt begelaad hat. Alden mei bern wienen útnûge om by dit barren oanwêzich te wêzen. Foar de bern wie der in muzykaktiviteit mei Hinke Strien organisearre. It wie in tige slagge, feestlik barren.

Twatalichheid op Lytse Matteus

SKIK is in organisaasje dy’t ûnder oaren pjutte- en berne-opfang biedt yn De Fryske Marren. SKIK is aktyf dwaande mei twataligens, sy hawwe it as yntegraal ûnderdiel fan it VVE-belied opnommen. Alle lokaasjes foar pjutte-opfang wurkje mei in twatalich belied. Op Lytse Matteus sjocht dat der as folget út: Rianne Leemburg praat Frysk mei alle bern en Marijke Boonstra docht dat yn it Nederlânsk. Ek frijwillichster Yvette praat Nederlânsk. De beide talen krije omtinken yn it aktiviteitenoanbod, lykas by it foarlêzen en it sjongen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje op Lytse Matteus west te sjen en sy skriuwt yn har rapport ûnder oaren: ‘De liedsters binne goed op elkoar ynspile. Se folje elkoar op in natuerlike en effisjinte wize oan en nimme taken fan elkoar oer as it sa útkomt. Bygelyks as de bern oan it dûnsjen binne en guon bern nei it húske gean. Se wurkje alle dagen tegearre en striele nocht en wille út.’ En: ‘De liedsters biede bewust keazen aktiviteiten oan en wurkje mei tema’s. De boartlike aktiviteiten wurde oanpast oan it nivo fan de groep. Ek tidens ynformele mominten kinne de bern oefenje mei harren taalfeardigens. Bygelyks tidens it fruititen, it boartsjen, it opromjen, it wurkje mei klaai, yn ‘e rûnte, tidens it dûnsjen.’

By it sertifisearringstrajekt krijt Lytse Matteus begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 220 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend