Tryater spilet Wat jo wolle yn De Gordyk

0

DE GORDYK – Akteurs Lourens van den Akker, Nynke Heeg, Aly Bruinsma en Ali Zijlstra spylje yn de nije Tryaterfoarstelling Wat jo wolle.

In moderne revu mei in soad humor en faasje dêr’t rap yn skeakele wurdt tusken emoasjes en sketskes. “Wy wolle it publyk in âlderwetsk moaie jûn besoargje.” De nije foarstelling fan Tryater, Wat jo wolle, spilet op tongersdei 14 desimber yn De Skâns yn De Gordyk. Kaarten binne te keap fia skans.nl of 0513-468600.

Mei elkoar bepale wat we belangryk fine. Dat is it ideaal fan ús demokrasy. We besykje dat sa goed mooglik yn te rjochtsjen, mar dochs groeit der ûntefredenheid. Neist stimme en folgje fan it nijs is der hieltyd mear ferlet fan referinda, boargertoppen, boargerfoara ensfh. De syktocht nei demokrasy fan hjoed-de-dei is begûn. “Hoe soargje we derfoar dat we derút komme sadat elkenien tefreden is? Hoe soargje we derfoar dat elkenien tefreden is en we derút komme?”- is ien fan de teksten út de foarstelling Wat jo wolle fan Tryater.

In teaterjûn as ôfspegeling fan ús maatskippij. Elkenien hat in miening. Elkenien komt de seal yn mei in winsk, in ferwachting.

Yn Wat jo wolle besykje fjouwer akteurs op ultime wize in teaterjûn te kreëarjen dêr’t foldien wurdt oan alle easken dy’t it publyk dêroan stelt. Oan de hân fan enkêtes – it demokratysk prinsipe fan it gelyk fan de mearderheid folgjend – bouwe se in fleurige foarstelling op dy’t presys foldocht oan de winsken fan it publyk. It liket in simpele formule, mar dat is it net. Want elkenien hat in eigen miening en elkenien hat eigen opfettingen. Hoe dreech is it om it elkenien nei de sin te meitsjen…

Ek de fjouwer spilers ferskille fan elkoar. Har opfettingen– oer teater, it publyk, de wrâld – botse mear as ien kear. De syktocht nei wat it publyk wol, feroaret stadichoan yn in syktocht nei harsels en har gearwurking.

De fraach komt op oft safolle mieningen en winsken wol te ferienigjen binne. Is it mooglik om elkenien te jaan wat hy of sy wol? En as dat sa is, smyt dat dan in dreamde teaterjûn op? Jo meie it sizze.

Tryater spilet dizze hjerst ek Elkenien is in prutser. Sjoch foar in kombikoarting, alle ynfo, ekstra aktiviteiten en kaarten op Tryater.frl.

Reageren

X
X

Deel dit met een vriend