FNP stelt vragen over subsidie voor kerstmusical Posthuis

0

HEARENFEAN – De FNP fraksje yn de gemeenteried fan Hearrenfean hat him fernuvere oer it foarstel fan it kolleezje fan B en W om 40.000 euro ta te passen op it tekoart foar de jierlikse krystmusical fan it Posthuis. De musical hat troch it fuort fallen fan lanlike subsydzjes en tsjin fallende fûnsen in grut gat yn de begrutting. De partij hat hjiroer yntusken al fragen stelt oan it kolleezje.

“Wy binne bot skrokken fan dit foarstel”, seit fraksjefoarsitter Ate Eijer. “Ien it foarste plak oer de kosten fan de produksje dy’t begrutte binne op 85.000 euro. We wolle wol ris witte wêr’t dit jild oan útjûn wurde moat. It Posthûs hoecht gjin romte te hieren en hat dochs eigen personiel? ”. Derneist fernuveret it de FNP, omdat der al foar de simmer bekend wie dat der in gat yn de begrutting siet, dat der net op dat stuit besletten is om de stekker der út te lûken. Ek is de FNP net te sprekken oer de ynformaasje oer it tekoart. “We moasten dizze wike yn de krante lêze dat it kolleezje in protte jild yn de produksje stekke wol. Einliks wurde we dermei as ried  al in bepaalde rjochting op stjoert. As de ried aanst seit dit wolle we net dan binne wy it lilke bist. ”

It foarstel fan it kolleezje makket ûnderdiel út fan it saneamde tredde sammelbeslút wêr’t oanpassingen yn de begrutting oan de ried foarlein wurde. “Jo krije it gefoel dat dizze  subsydzje yn it sammelbeslút ferstoppe is wylst we earder al ôfsprutsen hawwe dat yn de sammelbeslúten gjin sprake wêze mei fan nij belied. It ferlienen fan dizze ekstra subsydzje is neffens de FNP wol nij belied.

De FNP hat oer it foarstel fan it kolleezje de folgjende ynformaasje frege:

  • In finansjeel oersicht fan de útjeften en ynkomsten fan de krystmusical oer de lêste 5 jier.
  • In spesifisearre oersicht fan de begrutting foar de produksje fan 2017
  • De oant no ta makke kosten foar de produksje foar dit jier.
  • In oersicht fan ôfspraken dy’t mei tredden foar dizze produksje makke binne.

It foarstel fan it kolleezje wurdt op 12 oktober  behannele yn de kommisje AZ en op 16 oktober yn de ried.

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend